Drachtster ferdronken

(foto: Hessel Reitsma / HvNieuws.nl)
In ynwenner (39) fan Drachten is tiisdeitenacht yn syn wenplak ferdronken nei't er mei syn auto yn it wetter fan de Loswal rekke wie. Hoe't dat gebeure koe, is noch net bekend. De plysje docht ûndersyk.
De helpferlieners waarden ynskeakele troch omwenners dy't in klap hearden. Dûkers fan de brânwacht fûnen dêrnei it lichem fan de man.