Knappe oerwinning Aris
De basketballers fan De Friesland Aris ha nei trije nederlagen wer in oerwinning behelle. Op it Kealledykje wûnen de Ljouwerters knap fan de nûmer twa ZZ Leiden. De einstân waard 76-72.
It earste kwart begûn wer hiel min en nei tsien minuten hie Leiden in 24-13 foarsprong. By rêst wie it al wer lyk en oant de einfaze bleau it spannend. Oant tritich sekonden foar tiid wie it noch 72-72, mar dêrnei rûn Aris út. Aris is no dield sânde mei seis punten út sân wedstriden.
Trefwurden:
argyf