Oerfal op snackbar Aldskoat

26 okt 2010 - 21:37

Trije manlju hawwe tiisdeitejûn in snackbar yn Aldskoat oerfallen. By de aksje rekke net ien ferwûne. It is net bekend hoefolle jild de manlju bút makke hawwe. De trije manlju hiene allegearre in bûtenlânsk uterlik en aksint.

Ien fan de dieders hie in grize jas en in swarte broek oan. Dêrneist droegen de manlju in mûtse en hiene se in tas fan it merk NIKE by har, sa meldt de plysje fia twitter. De plysje docht fierder ûndersyk nei de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)