Skippen Strontrace op koers

26 okt 2010 - 17:40

De organisaasje fan de 37ste Strontrace ferwachtet dat woansdeitemoarn tusken seis en acht oere de earste skippen al werom binne yn de haven fan Warkum.

Ien en oar hat te krijen mei in geunstige súdwestewyn wêrtroch't de skippen yn de lichte klasse tiisdeitejûn en -nacht rap wer rjochting Fryslân sile kinne. De 'Rust na Arbeid' makket kâns om de race krekt as ferline jier wer te winnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)