Sponsors ferlitte Hearrenfean

26 okt 2010 - 16:54

SC Hearrenfean is de ôfrûne tiid tsientallen sponsors kwytrekke. Troch de krisis hâlde tal fan bedriuwen mei de finansjele stipe op. Dizze wike makket SC Hearrenfean de útwreidingsplannen foar it stadion bekend. It weromrinnend tal sponsors hat dêr grutte ynfloed op.

It Fean hat de grutste bussinessklup fan Nederlân. Troch de krisis sizze bedriuwen it lidmaatskip lykwols op. De lêste tiid is it tal leden weromrûn fan 1180 nei 1130.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)