Oerlêst dyk De Hommerts-Heech

Ferkear tusken De Hommerts en Heech moat moat oant en mei de ein fan dit jier rekken hâlde mei fertraging. It stik dyk wurdt folslein opnij asfaltearre. By dy wurksumheden kin ferkear op plakken mar oer ien rydbaan ride. Twa kear sil de dyk ek nachts folslein ôfsletten wurde foar it útfieren fan wurksumheden.
Bedriuwen en bewenners yn en om Heech, Oazingahuzen en De Hommerts binne troch de gemeente Wymbritseradiel ynformearre oer ferkearsoerlêst.