Wol wetter yn húskes De Skâns
Wetterbedriuw Vitens sil de fakânsjehúskes op park Eastmahorn foarearst net ôfslute fan wetter. Dêr wie earst wol sprake fan omdat de parkeigner de rekkens al in pear moanne net betelle hie.
Vitens is yn oerlis mei de feriening fan eigners oer de skuld en hopet sa gau mooglik ta in oplossing te kommen. Oant dy tiid bliuwe de húskes gewoan oansletten op it wetter.
Trefwurden:
argyf