Brân jongereinkeet Ysbrechtum

26 okt 2010 - 13:49

De jongereinkeet oan de Kleasterwei by Ysbrechtum is moandeitenacht hielendal útbaarnd. Om healwei fjouweren waard de brânwacht alarmearre dat de keet yn de brân stie. De brânwacht koe net folle mear dwaan. Wol ha se gasflessen út de keet helle en yn de sleat dellein om ôf te kuoljen.

De keet wie in moetingsplak foar jong en âld. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)