Salmonella skea melkfee-imago

Ien op de tsien melkfeehâlderijen hat lêst fan salmonellabesmetting op it bedriuw. Foaral bedriuwen yn gebieten mei in soad wetter rinne grutte kâns op besmetting. Der is gjin gefaar foar de folkssûnens, mar salmonella-besmetting soarget foar in min imago yn it bûtenlân en dat is net goed foar de eksport fan suvelprodukten.
Guon boeren binne net goed op 'e hichte mei de salmonella. Dêrom ûndernimme de Nederlandse Zuivelbond en lânbou-organisaasje LTO aksje.