Ynbringwinkel Appelskea faai

De ynbringwinkel yn Appelskea (foto: Scala-welzijn)
De Ynbringwinkel yn Appelskea stiet op ynstoarten en it is de fraach oft dy wer iepengiet. By de ynbringwinkel kinne minsken guod bringe dat se sels net mear brûke. Fan de ferkeap krijt de ynbringer 75%. De winkel hâldt sels 25% en jout dat oan goeie doelen. Sa giet it al goed 25 jier.
No't it kontenerlokaal op ynstoarten stiet en der gjin jild is foar in nijen is, it noch mar de fraach wat de takomst bringt. Fan de gemeente moat it gebou ôfbrutsen wurde.