Boete foar hurdriden en drugs

26 okt 2010 - 10:42

De plysje hat moandei yn Wolvegea in man fan 22 jier út Den Haach oanhâlden. De man waard by in snelheidskontrôle trappearre doe't er 148 ried dêr't 80 tastien is. De fertochte koe him net legitimearje doe't de plysje him dêrnei frege. Hy moast mei nei it buro.

Yn de auto fan de man waard heroïne en kokaïne fûn, en ek in frij grut jildbedrach. De drugs en it jild binne yn beslach naam. De man út Den Haach hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)