Gemeenten sette biketeam yn

De plysje fan Smellingerlân en Opsterlân set tenei sân plysjes op 'e fyts yn. It biketeam wurdt foaral ynset by eveneminten, yn it sintrum fan Drachten en foar tafersjoch yn bosk- en natuergebieten.
Neffens de plysje binne de bikers faak rapper en hawwe se in better kontakt mei it publyk as de plysje yn 'e auto. Boppedat kinne de fytsen yn guon situaasjes ek tsjinje as wapen of as skyld. Yn Ljouwert binne al langer plysjes op 'e fyts.