Bocht biblioteek gefaarlikst

25 okt 2010 - 21:25

De bocht by de biblioteek op De Jouwer is it gefaarlikste plak yn 'e gemeente Skarsterlân. Dat docht bliken út in ferkiezing fan de nijswebside Skarsterlânnieuws.nl. Likernôch trijhûndert minsken hawwe dêroan meidien. Fan harren wiisden 96 de bocht by de biblioteek oan.

Mei 85 stimmen waard de trijesprong by de Rabobank yn De Jouwer twadde. De Haulsterwei tusken Haskerhoarne en Ousterhaule mei 56 stimmen tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)