Nij systeem dowewedstriden

Fryske dowehâlders hawwe minder kâns om wedstriden te winnen as minsken út it suden fan it lân. Der moat dêrom in oar wedstriidsysteem komme, fynt Dirk Buwalda. Hy is foarsitter fan Friesland '96, de oerkoepeljende organisaasje fan dowehâlders.
By nasjonale wedstriden wurdt nei de trochsneedsnelheid sjoen, mar it noarden fan it lân is kealer en boppedat is der mear wyn. Dowen fleane dêrom oan 'e ein in stik stadiger.