Mear minsken yn bus en trein
It iepenbier ferfier yn Fryslân hat yn it earste fearnsjier fan 2010 200.000 minsken mear ferfierd as yn 2009.
Benammen op de eilannen en yn Súdeast-Fryslân hawwe mear minsken mei de bus reizge. It grutste part fan 'e treinen ried op tiid. Nettsjinsteande dizze positive lûden gie it tal klachten omheech. Der kamen 2756 klachten binnen, tsjin 1337 ferline jier. In grut part gie oer de OV-chipkaart, dy't dit jier ynfierd is. Ek waard faak klage oer kontrôle yn 'e trein.
Trefwurden:
argyf