Ried Harns útsteld oant 3.11

Harns praat yn novimber wer oer de Tall Ships' Races
De ekstra riedsgearkomste yn Harns fan tongersdei oer Tall Ships' Races is útsteld. Yn dizze gearkomste soe de ried opnij stimme oer de komst fan it evenemint nei Harns yn 2014.
De ôfrûne wike stimde de ried tsjin de komst fan de race, omdat der te min dúdlikheid wie oer de kosten. De nije riedsgearkomste is ferskood oant 3 novimber, omdat der earst in nij riedsfoarstel skreaun wurde moat. De koalysjepartijen koene net mei it âlde foarstel ynstimme.