37ste Strontrace út einset

25 okt 2010 - 15:21

De 37ste Strontrace is moandeitemiddei út ein set. Stront- en beurtskippen farre fan Warkum nei it Súd-Hollânske Warmond en werom.

Fanwege de geunstige wyn soe it dit jier wolris in flugge race wurde kinne. De earste skippen wurde woansdei werom ferwachte. Dan moat bliken dwaan oft it rekôr fan ferline jier fan 37 oeren en 16 minuten ferbrutsen wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)