Skeel tusken Cambuur en Leyten

Projektûntwikkeler Leyten fan Drachten bestriidt dat fuotbalklup Cambuur noch jild fan harren krijt. Earder sei Cambuurdirekteur Pama dat Leyten noch in bedrach betelje moat.
Direkteur Van den Berg fan Leyten seit dat hy yn jannewaris in miljoen oan sponsorjild betelle hat en yn juny nochris 250.000 euro as foarskot op de ferkeap fan it stadion, wylst Leyten dêr net ta ferplichte wie. Direkteur Klaas Buwalda skriuwt yn in brief oan b. en w. fan Ljouwert dat dit kloppet.