Offalkonteners ferdwine samar

25 okt 2010 - 14:50

Rûnom yn Fryslân ferdwine op mysterieuze wize ôffalkonteners. It giet om kliko's mei smoargens dy't moarns by de dyk set wurde om lege te wurden en oanslutend fan de ierdboaiem ferdwine. De konteners kipe by it leegjen te fier achteroer, falle dan yn de jiske-auto en wurde fermeald.

Ut sifers fan offalferwurker Omrin blykt dat it bedriuw alle jierren trije hûndert konteners kwyt rekket. It blykt te gean om in bekend fenomeen yn de ôffal-sektor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)