Winkelynbraak troch dak Snits
Oan de Alexanderstrjitte yn Snits is sneintenacht ynbrutsen yn in winkel. De plysje wie der hiel gau by, mar de ynbrekkers wiene al fuort. Der wie in gat yn it dak makke.
Bûten leine de laden út de kassa's en der lei ek noch ark fan de ynbrekkers. De wurdt noch spoare-ûndersyk dien troch de plysje.