Poal rydt te hurd op Ofslútdyk
Op de Ofslútdyk by Breesândyk is sneintemiddei it rydbewiis ynnommen fan in 29-jierrige man út Poalen. By de slûzen fan Koarnwertersân mei mar 70 kilometer de oere riden wurde, mar de Poalske man ried dêr 124.
De man waard by Breesândyk oan de kant set en krijt ek noch in flinke boete.