Oerlis oer brannen De Lemmer

25 okt 2010 - 09:56

Boargemaster Stellingwerf fan Lemsterlân hat moandei oerlis mei de plysje oer it grutte tal brannen fan de lêste tiid.

Sneintenacht hawwe der op 'e nij kontenerbrannen west yn it doarp. Moandeitemoarn om fiif oere waard in Burgernetaksje hâlden om de brânstifter te achterheljen. Der giene ek Burgernet-dielnimmers de dyk op, mar der koe net ien oanhâlden wurde. It is al de 40ste kear dat der brân wie op De Lemmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)