Mear artysten wekker makke

25 okt 2010 - 07:20

Ek sjongeres Anneke Douma út Ljouwert is moandeitemoarn wekker makke troch dweilorkest De Menaemer Feintsjes. It dweilorkest is mei Omrop Fryslân op paad foar de start fan de Fryske Muzykwike.

Yn de Fryske Muzykwike is der op radio en tillevyzje in soad omtinken foar Fryske muzyk. Op de radio wurdt der sels allinnich mar Fryske muzyk draaid. De Fryske Muzykwike duorret noch o.e.m. sneon. Dan is de ôftraap fan de Fryske Top 100 op radio en tv.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)