Rekôr tafelkleed helle

24 okt 2010 - 17:01

It langste tafelkleed fan de wrâld is op Flylân. Snein waard it kleed offisjeel metten troch de boargemaster en húsdokter fan it eilân. It kleed fan 2036 meter is naaid troch fjouwer famkes en har beppe. Se ha der fan it simmer oan wurke. Se naaide tsien kleden fan âld bêdeguod oan elkoar.

It kleed waard útrôle oer tafels yn de Doarpsstrjitte. It rekôr moat noch oanmeld wurde by it Guinness Boo of Records. It âlde rekôr stie yn Purmerend mei 1736 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)