Oranje kin nei finale kuorbal
De Nederlânske kuorballers geane nei de finales fan it EK nije wike yn Rotterdam. Oranje wûn de lêste pûlwedstriid snein yn Ljouwert mei 45-8 fan Servië. Op 'e nij lieten de kuorballers sjen wat echt kuorbaljen is.
De ploech hat trije kear wûn, fan Dútslân, Hongarije en Servië. Dêrmei waard Oranje pûlwinner mei 9 punten út 3 wedstriden. It doelsaldo fan de ploech fan trainer Jan Sjouke van der Bos wie 122 foar en 24 tsjin.
Trefwurden:
argyf