Iris (11) NK Legoboumaster

Iris mei har winnende kreaasje
Iris Schotanus (11) út Boalsert is sneon Nederlânsk Kampioen Legoboumaster wurden. Se siet mei 60 oare nominearren yn de finale. Dy wie yn Zwolle. By de foarronde wie Iris twad, mar fanwegen har orizjinele bouwurk mocht se nei de finale. Der wiene fiif famkes by de finale. Yn oardeloere tiid moasten se wat bouwe.
In sjuery beoardiele de kreaasjes. Iris hie in slak yn in blommetún mei in flinter makke en wûn dêrmei de haadpriis.