Elma de Vries 14e op WK
Fries om utens Elma de Vries is by it wrâldkampioenskip inline skaten yn it Kolombiaanske Guarne as 14e einige op de 500 meter. De winst gong nei de Kolombiaanske Jercy Puello. Sy ried in nij wrâldrekôr.
Elma de Vries, earder fan De Haule, seach de 500 meter as in warming up foar de puntekoers en de ôffalrace dy't nije wike riden wurde.