Man mishannele op De Lemmer

© Omrop Fryslân
In ynwenner (34) fan Skarsterbrêge is sneintemoarn op De Lemmer slim mishannele troch in ynwenner (32) fan De Lemmer. De man waard ferskate kearen op de holle slein troch de fertochte.
It slachtoffer skeakele de plysje yn en mei in goed sinjalemint kaam de plysje al gau de Lemster op it spoar. Dy siet by freonen thús en koe dêr troch de plysje oppakt wurde. Hy is meinaam nei buro.