Ravaazje op Skylger kade

24 okt 2010 - 15:25

In Skylger (26) soarge sneontenacht foar in ravaazje op de Willem Barentszkade op West-Skylge. De man hie earder op de jûn in auto stellen fan it parkearterein by de fearboat.

Dy auto waard letter swier skansearre weromfûn nei't er ferskate pealtsjes om riden hie. De fertochte naaide mei in passazjier út. Hy koe letter oanhâlden wurde om't tsjûgen him sjoen hiene. Hy is meinaam nei it buro. De passazjier kin de plysje meikoarten ferwachtsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)