Wer winst Oranje op EK kuorbal

It Nederlânske team hat ek syn twadde pûlwedstriid wûn op it EK kuorbaljen. Sneontejûn wûnen se mei 41-8 fan Hongarije. Yn in útferkochte sporthal It Kealledykje yn Ljouwert joech Oranje kuorballes oan de Hongaren. By it skoft wie de stân 22-4.
Yn de twadde helte begûn de Nederlânske ploech wat minder skerp. Dêrnei gong it gas der wer folslein op en waard de einstân 41-8.