Himpplantaazje Drachten oprôle

In man (44) út Den Haach is sneon yn Drachten oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it meitsjen fan softdrugs. Nei klachten fan buorlju gie de plysje nei it hûs oan De Vogelweide. Op de boppe-etaazje wie in himpplantaazje.
De 364 planten wiene krekt knipt. Planten en apparatuer binne yn beslach nommen. De fertochte sit foar neier ûndersyk op it buro. Syn auto wurdt yn beslach naam. De eigner fan de wente moat him by de koöoperaasje melde foar it yllegaal ûnderferhieren fan syn hûs.