Oanpaste feartsjinst nei Skier
Fanwege it hege wetter hat rederij Wagenborg snein de tsjinstregeling fan en nei Skiermûntseach oanpast. De ôffeart fan healwei tsienen fan Lauwerseach is ferpleatst nei healwei twaen sneintemiddei. De boat fan Skier werom nei Lauwerseach giet dan om healwei trijen.
De feartsjinst fan Eastmahorn nei Skiermûntseach leit der hielendal út.