Rekôr mei tafelkleed

24 okt 2010 - 10:40

Fjouwer famkes en har beppe op Flylân besykje snein yn it Guinness Book of Records te kommen mei it langste tafelkleed fan de wrâld. De famkes ha ûnder lieding fan beppe de ôfrûne simmer tsien kleden ynelkoar set dy't meielkoar 2010 meter lang binne. It rekôr stiet op 1763 meter.

It kleed wurdt yn de Doarpsstrjitte útrôle. It ministearje fan definsje hat tafels útliend, dêr't it oerhinne lizze kin. Boargemaster Haan sil it kleed offisjeel opmjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)