Aris knokt, mar ferliest

24 okt 2010 - 00:16

De basketballers fan De Friesland Aris ha yn Zwolle nei in spannende einfaze ferlern. Landstede wûn mei 78-74.

De earste helte wie oan de kant fan de Ljouwerters net om oan te sjen en Landstede naam in foarsprong fan 15 punten. Wûnder boppe wûnder knokte Aris him dochs werom en koart foar tiid kamen se sels op in lytse foarsprong. Yn de einfaze koe it alle kanten op, mar wûn Zwolle krekt. Nei de tredde nederlaach op rige stiet Aris no achtste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)