Hippys yn HCL te sjen

De tiid fan de hippys stiet sintraal yn de útstalling Langharig Leeuwarden. Op de dei fan de Ljouwerter Skiednis, sneon, wie de iepening. Benammen de tiden fan de sechtiger en santiger jierren binne te sjen. Der wiene in protte âldere minsken dy't doe jong wiene. De eksposysje is te sjen yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
Oer twa wiken is de Pow Pow-Wow manifestaasje. Dan is yn it eardere jeugdsintrum Hippo in reuny foar de âldere jongeren.