Tinkstien op tsjerkhôf West

Op West-Skylge is freed in tinkstien ûntbleate. De stien is by de Westertsjerke pleatst om it ferdwûne tsjerkhôf wer ûnder de oandacht te bringen. Sika Koldijk-de Beer wie inisjatyfnimmer en hat de stien ek ûntbleate.
Tusken 1665 en 1829 waarden om de tsjerke hinne de earmere minsken begroeven. De rike minsken kamen yn de tsjerke te lizzen. De tsjerke is yn 1663 boud nei't de eardere tsjerke yn 1593 yn see spield wie.