Tsjûgen socht ynbraak Harns

De plysje siket tsjûgen fan in ynbraak freed yn in skuonwinkel yn Harns. De ynbrekkers fernielden in rút om binnen te kommen. Se waarden betrape troch in wurknimmer. Dy fertelde de plysje dat er opsletten waard yn it húske en dat er dêrnei helpe moast om in grutte partij skuon yn syn bedriuwsauto te laden. De ynbrekkers naaiden út yn dy auto. De wurknimmer moast mei.
Yn Ljouwert binne de skuon oerladen yn in oare auto. De dieven rieden fuort It slachtoffer waard achterlitten.