Bekeurings yn Ljouwert

23 okt 2010 - 14:39

De plysje yn Ljouwert hat freedtejûn sa'n 20 automobilisten op de Junokade bekeurd foar technyske mankeminten. Der binne 44 auto's kontrolearre. De Junokade stiet bekend as moetingsplak foar jongerein mei flugge auto's.

Earder op de jûn waarden al in lytse 350 bekeurings útdield foar te hurd riden op diken om Ljouwert hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)