Broer en suster oppakt
In broer en suster op It Hearrenfean binne freedtenacht oanhâlden. Yn in kroech oan de Nieuwstrjitte skopte en bedrige de frou (40) de eigeneresse fan it kafee. Se waard hiel lilk doe't de plysje binnenkaam. Har broer (45)besocht syn suster del te bêdzjen, mar dat slagge net.
De plysje woe de frou meinimme, mar dat woe de broer net ha. Doe is hy ek oanhâlden. De frou hat op wei nei it plysjeburo ek noch in rút fan de plysjewein fernield.
Trefwurden:
argyf