Tûke boarger pakt fandalen op

23 okt 2010 - 14:22

In tsjûge yn Snits hat ôfrûne nacht twa manlju (19) út Snits en Drylts oanholden foar fernielings. Buertbewenners fan in skoalle oan de Earste Woudstrjitte hearden lûd fan stikken glês en giene op ûndersyk út. Mei in stoepetegel wie in rút ynsmiten.

Fia de tsjûge waarden de fertochten oerdroegen oan de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)