Stellen auto Frjentsjer pakt

De plysje yn Frjentsjer moast freedtenacht de achterfolging ynsette nei in stellen auto. Op de Hertog fan Saxenloane rekke de auto yn de berm en kaam yn de sleat telâne. De sjauffeur naaide út en is net mear fûn.
Yn de auto sieten ek twa famkes (17 en 18) út Ljouwert en in jonge (19) út Grins. Dizze trije fertochten binne oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Nei ûndersyk die bliken dat de auto stellen wie. De wein is yn beslach naam.