Genealogydei by Tresoar

23 okt 2010 - 12:29

Minsken mei niget oan genealogy kinne sneon yn Ljouwert telâne. By Tresoar is in genealogydei yn it ramt fan de Wike fan de Skiednis. Besikers kinne in rûnlieding krije troch it argyf. De depots binne oars net tagonklik foar publyk.

Ut it hiele lân komme minsken nei Tresoar om ûndersyk te dwaan nei har famyljeskiednis. Der binne tal fan aktiviteiten en organisaasjes jouwe ynformaasje. Yn de riedsseal fan it stedhûs is in histoaryske quiz.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)