Cambuur ferliest yn Helmond

SC Cambuur is tsjin it fjirde ferlies yn de kompetysje oprûn. Helmond Sport wie it eigen stadion mei 2-0 te sterk. Mark Veldmate yn de 40ste en Bruno Andrade yn de 51ste minút wiene de doelpuntemakkers.
Cambuur krige amper kânsen. Spits Mark de Vries foel yn de 28ste minút út mei in hamstringblessuere. Syn ferfanger wie Sandor van der Heide. De Snitser helle sa syn 200ste wedstriid foar Cambuur. De klup stiet no njoggende mei 14 punten út 10 wedstriden