Nederlân wint dik fan Dútslân

Nederlân hat freedtejûn de earste wedstriid op it Europeesk kampioenskip kuorbaljen mei gemak wûn fan Dútslân. Yn in grôtfolle sporthal It Kealledykje waard it 36-8 foar it Oranje achttal. By it skoft stie it al 22-5. André Kuipers en Barry Schep wiene de topskutters by Nederlân. Beide spilers makken acht doelpunten.
Hongarije wûn earder op de jûn mei 22-16 fan Servië. Sneontejûn en sneintemiddei wurdt der fierder spile yn Ljouwert.