Subsydzje Froeks.tv hâldt op

22 okt 2010 - 14:52

Deputearre Steaten wolle mei yngong fan 2011 ophâlde mei it subsidiearjen fan Froeks.tv. It gefolch fan it beslút is dat de takomst fan Froeks.tv tige ûnwis is. Mooglik giet de on-line jongereinstjoerder al op koarte termyn fan ynternet ôf.

Froeks.TV wûn trije jier lyn in priisfraach fan de provinsje om it gebrûk fan it Frysk ûnder jongeren te befoarderjen. It beslút fan de provinsje is ynjûn troch de besunigings op de kultuersubsydzjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)