Huzeprizen wer bytsje omheech

22 okt 2010 - 11:00

De prizen fan keapwenningen binne yn Fryslân it ôfrûne jier wat omheech gien. Dat is opmerklik omdat yn de measte provinsjes de priis krekt nei ûnderen gie.

Dêrby wie de delgong yn Grinslân it grutst. Dêr sakken de prizen fan keaphuzen mei 3,2 prosint. Neist Fryslân foarmet ek Gelderlân in positive útsûndering. Ek dêr giene de prizen wat omheech.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)