Auto te wetter yn Sumar

22 okt 2010 - 10:11

In ynwenner fan Eastermar is tongersdeitejûn mei syn auto yn it wetter neist de Greate Buorren yn Sumar riden. Omdat er net sels út syn auto komme koe, moasten plysjes ien fan de ruten ynslaan om him te befrijen.

De man (31) rekke ferwûne oan syn holle en wie ek ûnderkuolle. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. Omdat de plysje tinkt dat er tefolle dronken hat, is yn it sikehûs in bloedproef ôfnaam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)