Froulju net langer koprinner

22 okt 2010 - 09:31

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe tongerstejûn yn blessueretiid mei 3-2 ferlern fan FC Twente.

Yn Enschede kaam de thúsploech yn de 40ste minút troch Caitlin Farrell op foarsprong. Yn de twadde helte docht Hearrenfean fia Sherida Spitse (40') en Sylvia Smit (69') wat werom. Mar yn de slotfaze giet it dan hielendal mis. Earst sjit Marieke de Boer yn eigen doel en fier yn de ekstra tiid besoarget Marlous Pieete FC Twente ek noch de folle winst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)