Friezen tefreden oer sikehûs

22 okt 2010 - 08:42

Fryske sikehuzen skoare boppe gemiddeld as it giet om tefreden pasjinten. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it wykblêd Elsevier. It Antonius sikehûs yn Snits en De Tjongerskâns op It Hearrenfean krije mei trije stjerren de heechste wurdearring fan har pasjinten.

De sikehuzen yn Ljouwert, Dokkum en Drachten helje twa en in heale stjer. De measte sikehuzen yn Nederlân komme net fierder as twa stjerren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)