Gjin ekstra jild Koornbeurs

22 okt 2010 - 06:46

Teater De Koornbeurs yn Frjentsjer hoecht yn de takomst net te rekkenjen op ekstra jild fan de gemeente. Dy hat it teater de ôfrûne trije jier 80.000 euro it jier ekstra jûn om draaie te kinnen. Betingst wie wol dat it teater in plan makke foar hoe't it sûnder dy bydrage fierder kin.

Ut dat plan docht no bliken dat De Koornbeurs net sûnder ekstra jild fan de gemeente kin. De gemeenterie fynt lykwol dat der oare manieren betocht wurde moatte om it jild te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)